LIVE: Lanlike listlûkers traapje debatrige ôf yn it noarden

08 feb 2017 - 14:10

De listlûkers fan hast alle grutte lanlike partijen binne bymekoar yn Grins foar it Noordelijk Lijsttrekkersdebat. It is it earste grutte debat dat yn Nederlân hâlden wurdt yn it ramt fan de Twadde Keamerferkiezing op 15 maart. De tema's binne enerzjy/gaswinning, flechtlingen en ymmigraasje, wurkgelegenheid/ekonomy en de ûntefreden kiezer. Oftewol: wat ha de lanlike listlûkers yn petto foar it noarden? It Noardlik listlûkersdebat begjint om 14.30 oere en is live te sjen op Omrop Fryslân telefyzje, omropfryslan.nl en de app.

Hast alle grutte lanlike partijen dogge mei oan it debat yn it provinsjehûs yn Grins. VVD, PvdA, SP, CDA, D66, ChristenUnie, GroenLinks en 50PLUS dogge mei. De PVV hat net reagearre op de útnûgingen.

Live

It debat begjnt om 14.30 oere en is live op telefyzje te folgjen fia Omrop Fryslân, RTV Drenthe en RTV Noord. Ek Politiek 24 stjoert it debat út. It debat is ek te folgjen fia ûndersteand liveblog. It debat is in gearwurking fan Omrop Fryslân mei RTV Noord en RTV Drenthe en de SNN (Samenwerkingsverband Noord-Nederland). De presintaasje wurdt dien troch Ferry Mingelen, Remy van Mannekes (RTV Noord) en Eric Ennema (Omrop Fryslân). It debat is op jûns nochris te sjen om 18.40, 20.40 en 22.40 oere.

Liveblog

Brûkers fan de app: klik hjir foar it liveblog.

(Advertinsje)
(Advertinsje)