Fryske tsjotters yn Tasmanië net wetterticht

08 feb 2017 - 11:08

De trije tsjotters fan Stichting Friese Tjottervloot hawwe te lijen hân fan de reis nei Australië. De tsjotters binne dêr fanwege it feit dat Tasmanië 375 jier lyn ûntdutsen waard troch Abel Tasman. De tsjotters waarden yn in spesjale kontener nei Tasmanië brocht om foar te kommen dat se útdrûgje soene. Mar de skippen moasten yn Tasmanië yn karantêne en waarden opslein yn in drûge, waarme loads. It hout is dêrtroch krompen. Ien kear yn it wetter kaam ien fan de tsjotters fol wetter te stean.

Neffens Klaas Smit fan de stichting sil it hout him fansels betterje, mar is it net dúdlik as alle trije skipkes mei it festival, dat fan 10 oant 13 febrewaris hâlden wurdt, farre kinne.

Smit makket him net al te grutte soargen. De tsjotters sille nei alle gedachten op it binnenwetter wol farre kinne. Se kinne allinnich net it bûtenwetter op. Der is neffens Smit in soad belangstelling foar de houten sylskipkes, benammen ûnder Friezen om utens. Der wurde sa'n 200.000 minsken ferwachte op it festival. Ek yn Fryslân nimt de belangstelling ta. Ferline jier krige de stichting ûnderdak yn it nije sylsintrum yn Heech. Benammen jongerein fynt it neffens Smit moai om mei in tsjotter it silen te learen. De stichting is oprjochte om de histoarje fan de tsjotter te bewarjen. De float fan de stichting bestiet út alve tsjotters.

Trefwurden: 
tsjotter Tasmanië
(Advertinsje)
(Advertinsje)