Nij guozzeferbliuw yn Snits is klear

De guozzen oan de Olyfberchleane yn Snits ha wer in kreas plak. It nije ûnderkommen, dat tongersdei iepene wurdt, is foar de âlderein yn de buert belangryk. De diere-ambulânse De Meren, de fûgelwacht Snits en omkriten en twa klassen fan praktykskoalle De Diken hawwe meiholpen oan de bou fan it guozzeferbliuw. De gemeente Súdwest-Fryslân woe it fertutearze hokje ferwiderje en de guozzen fuort ha. De njoggen guozzen soargen nammentlik foar oerlêst yn 'e buert. Dêrop is besletten om fiif guozzen fuort te heljen en yn in natuergebiet út te setten.