De stim fan Amadeo: "Haagse politiek zegt mij niks"

"Haagse politiek zegt mij niks" seit Amadeo Verita (58) út Harns. Jierren lyn hat er in bedriuwsûngelok hân yn de havens. Dêrtroch kin er net mear wurkje. Hy is frustrearre en teloarsteld yn de polityk. "Het hele circus eromheen verdient kapitalen aan zo'n bedrijfsongeval, maar als ik een kop koffie wil declareren moet dat bij de helsdeuren wegkomen." Syn hiele libben stie op de kop nei it ûngelok, hy rekke alles kwyt.
Nei sân jier is de oanspraaklikheid wol erkend en hat er skeafergoeding krigen. "Ik hoop dat ze in Den Haag de regels over letselschade aanpassen, dat de afhandeling sneller en efficiënter kan. Dat niemand meer hoeft mee te maken, wat ik heb gehad." Neffens Amadeo soe in diktatuer ek noch net sa gek wêze. "Laat een persoon maar eens goed orde op zaken stellen." Hy tinkt wol dat er te stimmen sil. "Ik denk dat het in de richting van de PVV wordt, of een van de andere kleine partijen."
De stim fan...
Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezings. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezings op ús ferkiezingsside.