Kollum: "Tsjinstellings"

08 feb 2017 - 08:49

"As der earne yn de wrâld in bom ûntploft of as der sketten is, dan sizze de regearingen hjir wolris dat derby in hege miter fan IS of Al Qaida deagien is. En wy skriuwe dat yn de kranten of blêre it foar de radio. Mar hoe sjoch se dat eins. Fleantugen mynhear. Drones. Dy kûgel fan twa sintimeter wurdt echt wol sjoen.

Mar as der op de Waadsee, yn it Pinkegat by It Amelân, konstatearre wurdt dat de boaiem dêr tsien sintimeter mear sakke is as ferwachte, seit de minister dat it in mjitting is fanút it fleantúch, dus dat kin wolris net hielendal doge. Wy skriuwe it allegear op en litte jim yn betizing efter. Wa moat jim no leauwe?

Yn it wykein fertelde boer Reyer den Hartog fan Kollum ús fia de Ljouwerter Krante dat hy in laser kocht hat en dat soarget derfoar dat der gjin goes mear op syn lân sit. Tagelyk hear ik foar Omrop Fryslân in reportaazje mei foarsitter Melle Prins fan de guozzekrite Dongeradiel. Dy fertelt dat benammen de pauguozzen net fuort te krijen binne. Dat se hjir aanst massaal de earste sneed fan de boeren opfrette sille. Dan kin se de poalsirkel wol yn ien kear helje, wêrom soene je dan noch yn dat kâlde Poalen tahâlde. Ik hear net iens mear nei in reaksje fan de oerheid, mar ik wedzje dat Johannes Kramer al sein hat dat de guozzen in probleem binne.

Boppedat ha de boeren folle mear lêst fan banken as fan guozzen. Se frette beide fan de boeren, mar guozzen kwekkelje freonlik en banken lûke de stekker derút. In boer dy’t in soad ynvesteard hat kin it net folhâlde. No dan fertsjinnet de bank neat mear en se stopje gjin nij jild yn dy boer. Ophâlde jonkje. Dus al dy nijmoadrige grutte bûthuzen stean aanst allegear te keap. Dan tink je dat de oerheid wol wat dwaan sil, it is ek noch ferkiezingstiid. En wer prate se yn Den Haach dan oer: ferplichte weidegong. In wetsfoarstel fan SP, GrienLInks en D66. Hoe is it mooglik. Tuerlik, je meie bêst fine dat der in ko yn de greide stean moat. Mar op in stuit dat de molke de boeren oan de strôt ta stiet, begjin je net oer eat wat folle minder jild opsmyt, want dat is ek bewiisd. No ja, it waard útsteld. Krekt as by de ferheging fan it wetterpeil yn de Lauwersmar. Dat die de boeren ek wat sear, dus mar gau útstel. Mar útstel is neffens it sprekwurd noch altiten ôfstel.

Sjoch jim wol dat yn Ljouwert en dus ek yn de krante fan dy namme, it ferhaal oer kulturele haadstêd 2018 stiet ûnder de namme LWD2018. Mar dat de rest fan de provinsje it hat oer KH2018. En it giet oer itselde gedoch hear. Dêrom hat Stellingwerver PvdA-man Remco van Maurik sein, dat net Ferd Crone of deputearre Sietske Poepjes it gesicht fan KH2018 wêze moat, mar Arno Brok. De man fan de provinsje mei gauwens. Wennet aanst ek noch yn Balk. Dat sil in lekkere smoarge diskusje opsmite. Hoewol, haadsponsor ING hinge in grut doek op harren gebou: Leeuwarden-Fryslân 2018. De gulden middenwei. Mar dy is lang en wurdt dus net hiem.

Súdwest-Fryslân boargemaster Hayo Apotheker wol in wei njonken it spoar Ljouwert-Snits. Teminsten dat dêr ris nei sjoen wurdt. Dêr bin net safolle minsken foar, mar hy mei dat fine. Nee dat mei net, seit buorfrou Johanneke Liemburg. De Twadde Keamer beslút hjoed dat har Littenseradiel sa gau mooglik ferdwine moat, mar sy fynt dat arro Hayo oan har grûngebiet sit. Bliuw ôf. Myn lân. Se waard stipe troch de ynstjoerde stikkeskriuwers yn de Ljouwerter Krante. Watte, se hat sels har man Piter de Groot opdracht jûn syn sneonske kollum skriuwe te litten tsjin Hayo en syn dyk. Se hat sels ek nochal wat sweeslein, wylst se oars hast noait wat tsjin media sizze wol. Mar no hoopje ik dat de krante of ien fan de oaren Hayo ek noch efkes yngreven oan it wurd litte sil. Oars witte wy wer net wa as we leauwe moatte. Troch al dy tsjinstelde mieningen yn de media en al dat lytsbernige gedoch."

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
 

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)