Taalakkoart moat wurknimmers helpe mei karriêre

07 feb 2017 - 21:33

Wurkjouwers tekenje woansdei yn de Ljouwerter Kânselarij in taalakkoart. Minsken dy't muoite hawwe mei taal, binne minder produktyf, faker siik en hawwe minder groeimooglikheden yn harren wurk. Wurkjouwers hawwe der dêrom grut belang by dat harren wurknimmers harren goed rêde kinne mei taal.

Yn it akkoart stiet dat se ynvestearje sille yn it besprekber meitsjen fan taalproblemen en it oanbieden fan taallessen. Dy lessen wurde fersoarge troch it Friesland College.

(Advertinsje)
(Advertinsje)