Plan om mear en langer toeristen nei Tsjûkemar te lûken

De provinsje wol meihelpe om mear toeristen nei de Tsjûkemar te krijen. Fan in mar dêr't je oerhinne farre, moatte de toeristen der hinne gean om der te ferbliuwen. Doarpsbelangen en oare ferieningen yn de streek om de Tsjûkemar hinne hawwe dêr mei-inoar in plan foar makke.
Yn it plan stiet bygelyks dat der in hotel komme moat by parkearplak De Lanen by de A6. Ek moatte der foarsjenningen komme as strannen, húskes of kamperplakken. It hurdfarren stiet ek op it ferlanglistje.
De plannemakkers wolle foaral jonge wettersporters berikke. De provinsje sjocht no mei de streek nei de helberens en helpt mei it opinoar ôfstimmen fan de inisjativen. De provinsje en gemeente de Fryske Marren ha ek al meiholpen by it skriuwen fan it plan. De rezjy bliuwt by de streek.