Auto op de sydkant nei botsing by Lauwerseach

07 feb 2017 - 18:56
De auto rekke op de sydkant, de ynsittenden kamen mei de skrik frij - Foto: fotobeets.nl

Op de Marnewei by Lauwerseach binne tiisdeitemiddei by in oariding twa auto's flink skansearre rekke. In bestjoerder kaam fan De Rug ôf en seach by it opriden fan de Marnewei in oare auto oer de holle. In botsing wie it gefolch en dêrby rekke ien auto op de sydkant. De helptsjinsten kamen massaal nei it ûngelok, mar alle ynsittenden kamen úteinlik mei de skrik frij.

Trefwurden: 
botsing Lauwerseach Marnewei
(Advertinsje)
(Advertinsje)