Bon foar wegerjen bloedproef

24 okt 2011 - 16:44

In 42-jierrige automobilist út Ljouwert is sneintejûn syn rydbewiis kwytrekke omdat er wegere mei te wurkjen oan in bloedproef. De plysje seach de man op de Archipelwei yn Ljouwert slingerjend en stadich riden. De man waard dêrom oanhâlden en moast in blaastest dwaan. Dêrút waard dúdlik dat der gjin drank yn it spul wie. De plysje tocht dat de man faaks drugs brûkt hie. Dêrom waard er meinommen nei it buro foar in bloedproef, mar dêr woe er net oan meiwurkje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)