Amateurfuotbal set kommend seizoen letter útein

07 feb 2017 - 18:42

It amateurfuotbal begjint it kommende seizoen letter as oars. De kompetysje begjint op 23 septimber en rint dan troch oant ein maaie. De klups hawwe sels frege om dizze ferskowing. It seizoen begjint dan as de fakânsjes foarby binne en der kin yn de maitiid langer troch fuotballe wurde. Fuotbalbûn KNVB hopet dat dat ek betsjut dat der minder wedstriden om it waar skrast wurde moatte.

Winterstop

Der is foar it earst ek sprake fan in fleksibele winterstop tusken 27 jannewaris en 4 maart. Yn dy seis wiken moatte dan fjouwer wedstriden spile wurde. Klups kinne ûnderling bepale op hokker datum se dat dogge. Dit systeem wurdt yn it seizoen 2017-2018 test.

Bekerwedstriden

It bekertoernoai foar amateurklups begjint yn it hiele lân op 2 septimber. De wedstriden wurde safolle mooglik yn it wykein spile en net sa as no troch de wike. Alle teams kinne meidwaan oan de pûlwedstriden en benammen foar de jeugd is dat fan belang. De bekerresultaten wurde nammentlik brûkt om de kompetysje-yndieling fan de earste klassen en leger sa earlik en aardich mooglik te meitsjen.

Neikompetysje

As de kompetysje letter klear is, hat dat ek konsekwinsjes foar de neikompetysje. It is dan ek noch net dúdlik hoe't dy der takom seizoen útsjen sil. Dat moat de kommende tiid noch fierder útwurke wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)