Grien ljocht foar útbaggerjen Westgat by Lauwerseach

De haven fan Lauwerseach © Rykswettersteat
It Westgat by Lauwerseach kin útbaggere wurde. Minister Melanie Schultz van Haegen is akkoart gien mei it foarstel fan de provinsje Grinslân en de gemeente De Marne. Sy betelje de baggerkosten, it ministearje hoecht allinnich it tafersjoch op it baggerproses te beteljen.
Mei it baggerjen komt in jierrenlange winsk fan de fiskers út, want de grutte fiskkotters koene de haven fan Lauwerseach net mear berikke. De haven rint dêrmei jierliks goed 28 miljoen euro mis.
De Urker fiskers hawwe tasein dat sy no ek wer nei Lauwerseach komme sille. It baggerjen begjint as alles goed giet, takom maitiid.