Toeristen krije fergees ov-kaart

07 feb 2017 - 17:37

Toeristen yn it Fryske Marregebiet en it Drents-Friese Wold kinne fan april ôf fergees in kaart foar it iepenbier ferfier krije. Minsken dy't oernachtsje yn de gemeenten De Fryske Marren, Súdwest-Fryslân, Opsterlân of Eaststellingwerf kinne fan de kaart gebrûk meitsje. Se kinne dan ien dei fergees reizgje mei bus en trein.

It giet om in proef fan de provinsje yn gearwurking mei ferfierbedriuw Arriva, toeristyske ûndernimmers en promoasje-organisaasje Merk Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)