Súksesfolle tentoanstelling Alma-Tadema is foarby

07 feb 2017 - 17:10

De doarren fan it Fries Museum foar de tentoanstelling Alma-Tadema binne ticht. Tiisdeitemiddei om fiif oere ha de lêste besikers de tentoanstelling ferlitten. Alma-Tadema wie in grut súkses foar it museum yn Ljouwert. Yn totaal ha mear as 158.000 besikers de skilderijen fan Tadema besjoen. Op 1 oktober gie de eksposysje iepen. Andries Engbrenghof út Ljouwert wurdt sjoen as lêste besiker. Hy krige út hannen fan boargemaster Crone fan Ljouwert in fleske bearenburch.

De kommende moanen is yn it museum de tentoanstelling 'Beladen Landschappen' te sjen en in eksposyje oer katoen. De folgjende grutte tentoanstelling yn it Fries Museum is oer Mata Hari. Dy begjint yn oktober.

(Advertinsje)
(Advertinsje)