Auto folslein útbaarnd yn Minnertsgea
Yn Minnertsgea is oan De Kamp tiisdeitemiddei in auto folslein útbaarnd. De auto stie op it parkearplak foar it hûs. De brânwacht koe net foarkomme dat de auto hielendal ferlern gie.
Der rekke net ien ferwûne by de brân. Hoe't de auto yn de brân fleane koe, is net bekend.