Petysje Bilkerts foar erkenning taal oerlange yn Den Haag

07 feb 2017 - 15:49

In delegaasje fan acht Bilkerts oerlange tiisdeitemiddei yn Den Haag in petysje oer de Biltske taal. Se hoopje hjirmei dochs noch offisjele erkenning foar it Biltsk te krijen. De petysje hat 1.310 hantekeningen krigen.

De inisjatyfnimmers, ûnder de namme fan Bildts Aigene, hawwe noed oer de Biltske taal. Kommend jier giet de gemeente It Bilt mei Menameradiel en Frjentsjerteradiel op yn fúzjegemeente Waadhoeke. Se binne benaud dat it Biltsk yn 'e knipe komt as net offisjeel fêstlein is dat it in streektaal is.

Stellingwerfsk

Dy erkenning hat bygelyks it Stellingwerfsk wol. Dat is fêstlein yn it 'Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden'. De Taalunie hat de minister lykwols advisearre om it Biltsk net op dy list te setten.

Oft de petysje om dêr wat oan te dwaan wat úthellet, wurdt woansdei dúdlik. Dan praat de Twadde Keamer plenêr oer de weryndieling yn 'e Waadhoeke, mar ek oer dy fan Ljouwert/Ljouwerteradiel en twa weryndielings yn Grinslân. Der is woansdei in oere foar it debat útlutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)