PvdD: "Mear blommen en krûden yn it gerslân fan boeren"

07 feb 2017 - 15:28

Der moatte wer mear blommen en krûden yn it gerslân fan boerebedriuwen komme. De Partij voor de Dieren yn Provinsjale Steaten hat dêr in plan foar makke.

Ut ûndersyk docht bliken dat de lânbougrûn yn Fryslân hielendal net sa fariearre is en dat is net goed foar minsken en bisten. It soe helpe as stikken boerelân ynsiedde wurde mei in mingsel fan gers, blommen en krûden. Dy soargje foar in sûnere boaiem en se lûke bijen en oare ynsekten oan. Dy bestride wer plantesykten, wêrtroch't der minder bestridingsmiddels nedich binne.

Fergees

De provinsje soe it siedmingsel fergees oanbiede moatte en soargje moatte foar advys oer it siedzjen fan de blommen en krûden, seit de Partij voor de Dieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)