Heal miljoen euro foar kultuerlessen yn Ljouwert

Underwiis © Omrop Fryslân
Basisskoallen yn de gemeente Ljouwert kinne de kommende fjouwer jier alle jierren mear as in ton útjaan oan kultuerlessen. It jild komt fan de gemeente en it ryk. De lessen wurde fersoarge mei help fan Kunstkade Leeuwarden, dy't fraach en oanbod op it mêd fan kultuer byelkoar bringt.
Skoallen kinne sels kieze wêr't se oan meidwaan wolle. Der binne ek kultueraktiviteiten spesjaal foar beukers.
Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert: "Dit past binnen ús ambysje om keunst en kultuer berikber te meitsjen foar alle bern yn Ljouwert. Yn 'e mande mei Kulturele Haadstêd 2018 en it programma Kultueredukaasje mei Kwaliteit kinne wy noch mear bern yn Ljouwert yn 'e kunde komme litte mei keunst en kultuer."