Frij harsenskrabje oer dyn dreamskoalle

Yn de Colle yn Kollum sille tiisdeitemiddei bern, heiten, memmen en learkrêften fan ferskate basisskoallen mei-inoar yn petear. It doel is om nei te tinken oer de takomst fan it basisûnderwiis. Dat is neffens guon minsken nedich om't it basisûnderwiis ta is oan feroaringen. Bern soenen net mear itselde leare moatte as eartiids. Yn de takomst soe it bern folle mear sintraal stean moatte.
Mei help fan in filmke waarden bern yn it foar útnûge om alfêst nei te tinken oer harren 'dreamskoalle'.
Egbert Schilstra, direkteur fan kbs de Stapstien yn Kollumersweach: "Wy wolle mei de bern en de âlden sjen nei ús ûnderwiis, wat moat in bern kinne en wat moat in bern dwaan yn de skoalle? Wy hawwe lang yn it stramyn fan de ynspeksje rûn. Wy ha no te krijen mei oare tendinzen en moatte ús oars profilearje."