Drege tiden foar Dokkumer Vlaggen Centrale

De Dokkumer Vlaggen Centrale set de kommende jierren yn op fierdere gearwurking mei oare bedriuwen yn de promoasje en reklamesektor. De sintrale hat in min jier achter de rêch en de konkurrinsje wurdt hieltyd grutter. Gearwurking is nedich om te oerlibjen.
Moandei waard bekend dat de sintrale in gearwurking oangiet mei Zeeman Reclame út Den Helder dat him dwaande hâldt mei reklame op gebouwen, auto's, frachtweinen en ferpakkingen.