Mooglik tsien 'tiny houses' boud yn de Súdlannen by Ljouwert

07 feb 2017 - 12:38

Der komme mooglik tsien saneamde 'tiny houses' yn de Súdlannen, súdlik fan Ljouwert. Tiny houses binne lytse, folweardige wenten fan sa'n 40 m2. De mooglikheid fan de bou wurdt op it stuit ûndersocht. Projektburo De Súdlannen organisearret yn de simmer in ynformaasjejûn foar minsken dy't ynteressearre binne.

Nei ferwachting wurdt yn jannewaris takom jier úteinset mei de bou. Dit is lykwols noch ôfhinklik fan de bestimmingsplanproseduere dy't dizze maitiid publisearre wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)