Plysje-ynfal yn pleats Nijetrine

07 feb 2017 - 11:27
Ynfal yn in pleats oan de Pieter Stuyvesantwei by Nijetrine - Foto: De Vries Media

De plysje Midden-Nederlân hat moandeitejûn in ynfal dien yn in pleats oan de Pieter Stuyvesantwei by Nijetrine. Plysjes hiene by de ynfal kûgelkearende festen oan.

De plysje wol yn it belang fan it ûndersyk noch neat sizze oer de reden fan de ynfal. Neffens buorlju soene der Poalen yn it gebou wenje. It is net bekend oft der minsken oanhâlden binne.

Trefwurden: 
ynfal Nijetrine
(Advertinsje)
(Advertinsje)