Body & Fit It Hearrenfean wurdt oernaam

Offalle © Omrop Fryslân
It bedriuw Body & Fit fan It Hearrenfean wurdt oernaam troch it Ierske Glanbia. Body & Fit ferkeapet sport- en sûnensprodukten, dieetprodukten en itenssuppleminten. It bedriuw hat 190 minsken yn tsjinst.
Glanbia is wrâldwiid merklieder op it mêd fan sportiten en -drinken, mei in jierlikse omset fan mear as trije miljard euro. Mei de oername wol it bedriuw fierder groeie yn Europa, mei nammen op de online merk. It management fan Body & Fit bliuwt gewoan oan.
De Nederlandse Mededingingsautoriteit moat de oername noch wol goedkarre.