CDA: "Bou sinnepark op wetter sânwinput Haskerfean"

Amarens Reitsma, gemeenteriedslid CDA Hearrenfean by de sânwinput Haskerfean
Der moat in driuwend sinnepark komme op it wetter fan de sânwinput op it bedriuweterrein Haskerfean lâns de A7. Dat seit de CDA-fraksje yn de gemeente Hearrenfean. Neffens de fraksje leit de put der ''wurkleas'' by. Boppedat fynt de fraksje it net akseptabel as djoere lânbougrûn opoffere wurdt oan de oanlis fan in park mei sinnepanielen.
In sinnepark op de sânwinput hat neffens it CDA as foardiel dat it transformatorstasjon fan Liander ticht yn de buert leit, sadat der gjin lange kabels oanlein hoege te wurden.
Op it 25 hektare grutte marke soe genôch romte wêze foar panielen dy't foldwaande stroom leverje foar alle húshâldens op It Hearrenfean.