Sinteraasje gemaal ûndúdlik

24 okt 2011 - 16:54

Oer de betelberens fan it plande ien-nei-grutste gemaal fan Nederlân, it nije gemaal by Lauwerseach, is noch altyd gjin dúdlikheid. Tsjin de ein fan dit jier hopet Wetterskip Fryslân dy dúdlikheid wol te hawwen.

Foar it miljoeneprojekt is stipe fan it Ryk nedich. Dat jild is der noch net foar reservearre. Omdat it Ryk ek guon taken ôfskoot nei provinsjes, bliuwt it dreech wa't je wêr op oansprekke kinne. It giet benammen om de ferantwurdlikheid foar natuersaken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)