Kollum: "Oan it lot oerlitte"

07 feb 2017 - 08:19

"To Trump or not to Trump, dat is de fraach op ’t heden. Want in dei sûnder Trumpnijs is like seldsum as in postkoade yn Aleppo. Dat, wat Trump oangiet slach ik foarearst in beurt oer.

Toch wol ik jim meinimme nei Amearika. Of nei Ingelân, yn earste oanrin. Mear as in jier lyn waard dêr, yn de stêd Hereford, in 76-jierrige deminte man dumpt, in man sûnder identiteitspapieren, bewiis fan komôf of besittings. Hy wist oars neat te fertellen as dat er Roger hjitte.

It nijs oer de mysterieuze man waard al rillegau breed yn de media brocht. Nei in lange speurtocht en it nedige gelok kamen de ûndersikers úteinlik yn Los Angeles út. It wie dêr dat de 76-jierrige Roger Curry, in eardere ferpleger, troud en twa bern, wenne. It die bliken dat syn frou en soan Kevin him fan Los Angeles nei Ingelân brocht hiene om him dêr te dumpen. It hoe en wat wurdt noch ûndersocht, mar Roger Curry waard yn july foarich jier werombrocht nei Los Angeles, dêr’t er noch hieltyd ûnder tafersjoch fan de autoriteiten stiet.

De BBC stjoerde foarige wike in programma oer dy opmerklike kwestje út. Ien fan de dingen dy’t nei foaren kaam, wie dat troch de hege kosten yn de Amerikaanske soarchsektor folle faker âldere minsken oan harren lot oerlitten waarden. Dat is in gefaar dat ek by ús op ’e loer leit. De Nederlânske regearing wol út eachpunt fan besunigings dat demintearjenden sa lang mooglik selsstannich thús wenjen bliuwe. Elkenien dy’t dêrmei te krijen hat wit dat soks in swier berop docht op de neisten, de famylje en/of de mantelsoargers.

Demintens is in ûntheisterjend proses fan ôfstjerren. It soargjen foar in neiste dy’t demint wurdt is dreech, mei in behoarlik risiko op oerbelesting, problemen mei de sûnens of depressivens. Dan helpe útspraken lykas dy fan Jean-Jaques Suurmond, geastlik fersoarger yn in ferpleechhûs, yn 2015 die, net. Dy sei nammentlik dat demintens in kâns is om mear dyjinge te wurden dy’tst djip fan binnen bist. ‘Dementie ontmantelt het ik, zodat de ziel kan gaan glanzen’. Dat smiet in heftige polemyk op mei syn kollega kollumnist Bert Keizer fan Trouw, dy’t as dokter yn in ferpleechhûs wurket. Keizer fûn de útspraken fan syn kollega walchlik. ‘Hoe komt het toch dat duizenden geliefden van dementerenden kapot gaan van verdriet bij het aanschouwen van deze gebroken mensen waarin de ziel volgens Suurmond eindelijk gaat glanzen? Hoe kom je erop een dergelijke gruwel te beschrijven als een kans om meer diegene te worden die je echt bent? Dementie is een rotziekte. Laten we elkaar toch alsjeblieft niks wijsmaken.’

En sa is it. Demintens is in freeslike oandwaning foar de minske dy’t it treft en foar de minsken om him of har hinne. Mei in protte leafde en belutsenens, mar ek in protte lijen en striid wurdt besocht it bêste derfan te meitsjen. It is dêrom te hoopjen dat de besunigings tebekdraaid wurde. Dat sadwaande deminten profesjoneel opfongen wurde kinne as de famylje of de mantelsoargers it net mear oan kinne.
En wat de famylje fan Roger Curry oangiet: dy wie net stikken fan fertriet. Sa’t it him oansjen lit is dat in hurdhertich en wreed steltsje kloatsekken."

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)