Fryske Miljeufederaasje begjint duorsum pop-up restaurant

07 feb 2017 - 06:30

De Fryske Miljeufederaasje begjint in eigen pop-up restaurant mei iten fan guod dat oars fuortsmiten wurdt. Tweintich prosint fan al it iten dat produsearre wurdt, bedarret úteinlik yn it jiskefet en de produksje fan dat iten hat in soad ynfloed op de natuer. En dêr wol de miljeufederaasje graach omtinken foar freegje.

In pop-up restaurant betsjut dat der yn tydlik plak socht wurdt; it leafste in leechsteand gebou dêr't gjin hier foar frege wurdt. Dat en it plak dêr't it iten weikomt, bepale wêr't it restaurant komt.

Der wurdt gearwurke mei gruthannel Sligro en learlingen fan it Friesland College. It inisjatyf slút oan by de oanjaachfunksje dy't de miljeufederaasje hat en útbouwe wol. It wurk fan de Fryske Miljeufederaasje wie earder foaral rjochte op oerheden. No wurdt der mear en mear ynset op de boargers. Der binne in soad duorsume inisjativen, seit direkteur Hans van der Werf fan de federaasje, mar de stap nei in folle bredere oanpak is folle dreger.

(advertinsje)
(advertinsje)