Meagere opkomst op ynrinjûn Achtkarspelen

06 feb 2017 - 23:22

De oprop oan mienskiplike organisaasjes yn Achtkarspelen om ferantwurdlikheden oer te nimmen fan de gemeente, hat net in hiele drokke ynformaasjegearkomste opsmiten moandeitejûn yn Bûtenpost. Ferantwurdlik wethâlder Jouke Spoelstra hie op mear flecht op 'e koai rekkene, mar de helte fan de oanwêzigen bestie út riedsleden.

De doarpen binne ek apart al ynformearre oer it nije akkommodaasjebelied. Dêr is sein dat er ferlet wie oan noch in ynringearkomste. Moandeitejûn kamen der ûnder oare sportferieningen, mar ek pleatslik belangen op ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)