Pauline Krikke nije boargemaster Den Haag

06 feb 2017 - 23:03
Pauline Krikke - Foto: ANP

Pauline Krikke fan Snits is foardroegen as nije boargemaster fan Den Haag. De 55-jierrige VVD-politika is âld-boargemaster fan Arnhem en âld-wethâlder fan Amsterdam. Ek hat se direkteur west fan it Skipfeartmuseum yn Amsterdam. Op dit stuit is Krikke noch Earste Keamerlid foar de VVD.

As de ministerried de foardracht fan Krikke oernimt, sil se nei alle gedachten ein maart ynstallearre wurde yn Den Haag. Se folget dan partijgenoat Jozias van Aartsen op.

Trefwurden: 
Pauline Krikke
(Advertinsje)
(Advertinsje)