Fakbûnen freze 'púnheap' troch reorganisaasje by provinsje

07 feb 2017 - 06:00

Fakbûnen FNV Overheid en it CNV ha mei út namme fan de ûndernimmingsried fan de provinsje Fryslân in tige krityske brief skreaun oan it provinsjebestjoer oer in reorganisaasje dêr't seker 200 provinsjale amtners direkt by belutsen binne. Neffens FNV Overheid wol de provinsje ôfdielingen opheffe en de organisaasje op basis fan saneamde 'pools' opnij yndiele. In grut part fan de wurknimmers kin dêrnei ynskriuwe op tydlike opdrachten. Koartom de opdracht stiet sintraal en net de funksje, sa fine de fakbûnen.

Neffens bestjoerder Yntse Koenen fan FNV Overheid is dat in probleem, want dat is yn striid mei ûnder oare de CAO. De fakbûnen sizze ek dat der hielendal noch gjin goed byld is fan de nij te foarmjen organisaasje wêrtroch minsken net witte wêr't sy oan ta binne. Ien en oar kin liede ta in organisatoaryske púnheap, warskôget it FNV.

De provinsje seit yn in earste reaksje ferbjustere te wêzen oer de krityk. Neffens de wurdfierder werkent de provinsje him net yn it brief fan de fakbûnen. De provinsje neamt de oerlizzen dy't oant no ta mei de fakbûnen west ha ,,konstruktyf.'' It brief fan de fakbûnen is tiisdeitemoarn pas binnenkaam. De provinsje wol it brief earst goed bestudearje en komt letter mei in wiidweidige reaksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)