Gjin nije fytsestalling oan foarside stasjon Hearrenfean

06 feb 2017 - 22:15

De nije fytsestalling oan de foarside fan it busstasjon op It Hearrenfean giet net troch. De provinsje hat nei oerlis mei omwenners besletten dat reizgers harren fyts oan de efterside fan it stasjon of yn de befeilige oerkape fytsestalling fan de NS parkearje kinne.

Omwenners woene gjin fytsestalling oan de foarside fan it stasjon, fanwege lûdsoerlêst en om't dat skande wêze soe fan it útsjoch en fan it gersfjild. De besteande fytsestallingen oan de foarside fan it stasjon ferdwine, en sille plak meitsje foar it nije busstasjon.

(Advertinsje)
(Advertinsje)