De Graafschap fan De Jong makket ein oan winnersflow Cambuur

De Graafschap - SC Cambuur © Omrop Fryslân
Sportklup Cambuur hat moandeitejûn teloarstellend mei 3-0 ferlern by De Graafschap, de nûmer 18 fan de Jupiler League. De wedstriid yn Doetinchem wie net fan in heech nivo. Sawol Cambuur as De Graafschap makken in soad flaters en kreëarren amper kânsen. De Graafschap, dat ûnder lieding stiet fan âld Cambuur-trainer Henk de Jong, kaam yn de 54e minút ynienen op foarsprong troch Anthony van der Hurk, nei't de bal foar it doel fan Zeinstra lizzen bleau.
Cambuur bleau efter de feiten oan rinnen en moast sels de 2-0 en de 3-0 noch ynkassearje út in counter fan El Jebli en in kopbal fan Straalman.
Troch it ferlies stean de Ljouwerters no op it sânde plak, mei 39 punten út 24 wedstriden.