Proef mei heger wetterpeil Lauwersmar jier útsteld

06 feb 2017 - 21:15
Foto: Omrop Fryslân

De proef mei it ferheegjen fan it wetterpeil yn de Lauwersmar is in jier útsteld. Dat hat de provinsje Grinslân besletten yn oerlis mei it wetterskip Noorderzijlvest. It útstel fan de proef jout de belutsen partijen de kâns om de monitoring te fersterkjen, fiskpassaazjes oan te lizzen en ekstra peilbuizen te pleatsen foar de nulmjitting.

De proef soe eins dizze moanne úteinsette. No sil yn febrewaris en maart 2018 begûn wurde. Dan wurdt it wetter yn seis wiken tiid ferhege oant -0,52 NAP. No is it peil noch -0,93 NAP.

De ferwachting is dat troch it hegere wetterpeil de kwaliteit en kwantiteit fan it reid by de Lauwersmar tanimt, de slykgebieten ferbetterje en de 'ferbosking' fan it gebiet ophâldt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)