Fryske boeren nei grutste biohannelsbeurs yn de wrâld

06 feb 2017 - 20:34

In groep boeren, bestjoerders en fertsjintwurdigers út de finansjele sektor geane nije wike nei de BioFach yn it Dútske Neurenberg. De BioFach is de grutste hannelsbeurs yn de wrâld foar biologyske produkten. No't ek yn Fryslân hieltyd mear bedriuwen oerskeakelje op biologyske lânbou, is ek de Fryske biologyske sektor dêr oan ta. De beurs is dêrom fan grut belang foar Fryske boeren, seit bioboer Sjoerd de Hoop út De Lytse Jouwer.

Yn 2015 wienen der yn de melkfeehâlderij goed tweintich boeren dy't omskeakelje woene. Ferline jier groeide dat nei sa'n sechstich. De ferwachting is dat it tal dit jier wer heger lizze sil. De belangstelling foar biologysk buorkjen hat alles te krijen mei de miljeuproblematyk en de legere prizen yn de reguliere lânbou. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)