Strafsaak ûngelok dongsilo Makkingea foar Swolske rjochter

06 feb 2017 - 20:09
Trije deaden yn dongsilo, Makkingea - Foto: ANP

De strafsaak fan it deadlik ûngelok yn de dongsilo by Makkingea wurdt op 17 febrewaris ynhâldlik behannele by de rjochtbank fan Zwolle. In skjinmakbedriuw út Abbegea wurdt ferantwurdlik hâlden foar it deadlik ûngelok yn juny 2013, wêrby't trije persoanen omkamen en ien persoan swierferwûne rekke.

It Iepenbier Ministearje ferwyt it bedriuw en de direkteur dat se de Arbeidsomstannichhedenwet oertrêden hawwe, wêrtroch't libbensgefaarlike situaasjes ûntstean koene.

Advokaat Tjalling van der Goot fan it advokatekantoar Anker & Anker út Ljouwert docht de ferdigening.

Trefwurden: 
dongsilo Makkingea strafsaak
(Advertinsje)
(Advertinsje)