Hylpen stiet yn top 30 moaiste lytse plakken fan Europa

06 feb 2017 - 19:46

Hylpen is ien fan de tritich moaiste lytse plakken fan Europa. Alteast, dat fynt it Japanske bûn fan reisagintskippen JATA. De list is publisearre yn in wiidweidich artikel troch de Ingelske krante The Telegraph. De Japanners fine Hylpen bysûnder fanwegen de eigen taal, de histoarje fan de stêd en it reedriden.

Hylpen is de iennichste Nederlânske stêd yn de list. Oare stêden dy't de seleksje helle hawwe, binne Kilkenny (Ierlân), Rovinj (Kroäsië), Visby (Sweden) en Ohrid (Masedoanië).

Neffens Maarten Kruis fan it toeristeburo fan Hylpen is de útferkiezing op de list wichtich foar de stêd. "Een plek op deze lijst en het verspreiden ervan door een grote Engelse krant zorgt ervoor dat Hindeloopen wereldwijd meer naamsbekendheid krijgt. Dat is leuk. Meer mensen krijgen daardoor de kans Hindeloopen te ontdekken", sa seit Kruis.

Hy is it der folslein mei iens dat Hylpen yn de list stiet. "Hindeloopen is een openluchtmuseum. Er is hier zoveel moois te zien. De oude haven, de Hindelooper schilderkunst en een zeemans- en een viswijvenkoor."

Trefwurden: 
Hylpen JATA The Telegraph Japan
(Advertinsje)
(Advertinsje)