Wetsus makket sâlt en smoarch wetter swiet en skjin

06 feb 2017 - 18:30

Skjin drinkwetter koe wolris ien fan de grutste problemen yn de takomst wurde. Gjin wûnder dat wittenskippers massaal sykje nei oplossingen, bygelyks om sâlt wetter swiet te meitsjen. Ek by ûndersyksynstitút Wetsus yn Ljouwert wurdt dêr hurd oan wurke.

Op dit stuit is dêr sels in ynternasjonaal kongres geande dêr't de ûntwikkelingen besprutsen wurde. Oant en mei woansdei bûge sa'n hûndertfyftich wittenskippers har oer de fraach hoe't se ienfâldiger en duorsumer sâlt en fersmoarge wetter swiet en skjin krije kinne.

Wetsus-ûndersiker dr. Jan Post koe goede resultaten melde fia it saneamde Blue Energy-projekt. Sy bin der yn slagge om in besteande metoade foar it minder sâlt meitsjen fan wetter, folle enerzjysuniger te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)