Foarearst gjin wetlik ferplichte 'weidegong'

06 feb 2017 - 17:33

De Nederlânske melkfeehâlders moatte der foar soargje dat oer trije jier op syn minst 80% fan de kij simmerdeis bûten rint. As dat slagget komt der gjin wetlike ferplichting foar de saneamde weidegong. Dat hat de keamerkommisje fan Ekonomyske Saken moandei ôfpraat mei steatssiktaris Martijn van Dam. De keamer prate moandei oer de nota 'Koe in de wei' fan SP, D66 en GrienLinks. Dy partijen pleiten yn earste ynstânsje foar in wetlike ferplichting, mar sjogge dêr no sels fan ôf.

De Partij voor de Dieren wie bot teloarsteld oer it debat.

De Twadde Keamer prate oerenlang oer de nota 'Koe in de wei' fan SP, D66 en GrienLinks. Dy trije partijen wolle dat yn de simmer folle mear kij as no nei bûten geane. Se woene dat yn prinsipe ek 'wetlik ferplichtsje', mar boeren en boere-organisaasjes lieten dúdlik witte dat se net op in wetlike regeling sitte te wachtsjen.

Steatssiktaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken wie moandei kritysk oer it foarstel foar in wetlike regeling. Van Dam tinkt dat de oerheid troch mei de boeren gear te wurkjen mear berikke kin as troch it oplizzen fan weidegong. Van Dam tinkt dat it de lêste twa jier al wer wat better giet mei de 'weidegang'. Nije sifers oer hoefolle kij krekt bûtendoar rinne binne der wer yn septimber. Van Dam wol dêrom graach de kommende hjerst graach fierder prate oer hoe't it mei de weidegong giet. Hy wol yntusken fierder ûndersyk dwaan nei de bêste mooglikheden om de weidegong fierder oan te fiterjen.

De SP, ien fan de inisjatyfnimmers fan it debat, gie mei de steatssiktaris mei. Twadde Keamerlid Farshad Bashir sei it sa: "Het gaat ons niet om een nieuwe wet. Het gaat ons om de boer en de koe. Hun geluk is ons geluk."

CDA-keamerlid Jaco Geurts stelde foar om mei de kommisje op wurkbesite te gean by in oantal melkfeebedriuwen. "We moeten niet over de boeren praten, maar met de boeren." De oare partijen lieten lykwols witte gjin ferlet te hawwen fan sa'n wurkbesite.

Twadde Keamerlid Esther Ouwehand fan de Partij voor de Dieren wie bot fernuvere oer de gong fan saken en hie it oer in 'raar debat'. As it oan de Partij voor de Dieren leit wurdt fuortendaliks wetlik fêstlein dat alle kij - sûnder útsûnderingen - yn 'e simmer bûtendoar rinne. Sy tsjinne dêr ek in moasje foar yn.

De suvelsektor moat no sels - yn gearwurking mei de oerheid - de kommende trije jier stappen sette om út te kommen op dy 80 persint weidegong. Dat is net samar klear, want yn 2015 siet dy weidegong op sa'n 70%. Steatssiktaris Van Dam sjocht foarútgong. De grutte supermerken ferkeapje pakken molke mei dêrop it wurd 'weidemelk', suvelkoöperaasje FrieslandCampina betellet de boeren hjir in taslach foar. Neffens him moat de sektor in hiel ein komme kinne sûnder wetlike ferplichting. Dy hat boppedat as neidiel dat soks ek wer kontrolearre wurde moat troch amtners fan de NVWA. Hy tinkt dat it kontrolearjen fan de ferplichte weidegong samar in pear miljoen yn it jier kostje kin. Boppedat: "Optimaal en verstandig weiden werkt alleen met gemotiveerde boeren."

Trefwurden: 
Twadde Keamer weidegong
(Advertinsje)
(Advertinsje)