Autokoereur Nyck de Vries ferlit McLaren

Nyck de Vries mei kollegaracer Max Verstappen © ANP
Autokoereur Nyck de Vries fan Snits ferlit nei sân jier it talinteprogramma fan McLaren, sa melde ferskate media. De 22-jierrige De Vries foldie net oan de ferwachtingen fan it Britske Formule1-team. Sa spile hy in byrol yn it klassemint fan de GP3, de klasse dêr't er yn ried. De Vries soe no as doel hawwe om in stuoltsje yn de GP2 te bemachtigjen. It is noch net bekend wêr't De Vries no fierder race sil. Mooglik sil er by Ferrari testride.
De Vries stiet bekend as ien fan de grutste racetalinten fan Nederlân.