Bewege yn de klas mei Herre Zonderland op Moofy

De webside fan Moofy
It ynternetplatfoarm Moofy wurdt nije wike offisjeel yn gebrûk naam yn Drachten. Moofy soarget foar beweging yn en mei de klasse. Yn koarte filmkes op it digiboerd jouwe bekende sporters bewegingslessen dy't de bern yn de klasse meidwaan kinne. Ald-turner Herre Zonderland fan De Lemmer is ien fan de sporters dy't les jout op Moofy.
De lessen binne geskikt foar alle bern fan de basisskoalle. Se kinne sa even ûntlade en oplade foar de folgjende les.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat bern op dizze wize better prestearje. Se kinne har ûnder oare better konsintrearje.