Twa sulkys stellen út stâl yn Wolvegea, tsjûgen socht

Hynder mei sulky (foarbyldfoto) © ANP
Ut in stâl oan de Oppers yn Wolvegea binne dit wykein twa sulkys stellen. De karkes, dy't foar hurdrinwedstriden mei hynders brûkt wurde, hawwe in wearde fan sa'n 7000 euro. De plysje freget minsken dy't tips hawwe oer de stellerij har te melden. Ek as de sulkys te keap oanbean wurde, krijt de plysje graach in seintsje.