Boete ûnder betingst foar hannel yn opsette bisten

06 feb 2017 - 16:13
Opsette bisten yn in museum (foarbyldfoto) - Foto: ANP

In man út De Westereen hat in boete ûnder betingst krigen, omdat er opsette bisten hie en der ek yn hannele. Dat die er fia Marktplaats. Hy helle de bisten út Dútslân, mar se hiene net it preparateurskarmerk. En dat moat wol neffens de Nederlânske wet. De man wist dat net, hy hearde dat doe't er de plysje oer de flier krige.

De offisier fan justysje en de rjochter giene der beiden fanút dat de man it allegearre net mei opsetsin dien hat, dêrom krijt er allinnich in boete ûnder betingst.

(advertinsje)
(advertinsje)