Twadde Keamer praat oer weryndieling Noardwest-Fryslân

06 feb 2017 - 15:50

Yn de Twadde Keamer wurdt woansdei praat oer de weryndieling fan in tal gemeenten yn Noardwest-Fryslân. Op 1 jannewaris 2018 fine dêr trije fúzjes plak. De gemeenten It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en fjouwer doarpen yn Littenseradiel wurde mei elkoar Waadhoeke. Ljouwert en Ljouwerteradiel fusearje mei tsien doarpen yn Littenseradiel. De rest fan dy gemeente giet op yn Súdwest-Fryslân. Foardat de fúzjes yngean, praat ek de Earste Keamer der noch oer. 

Yn novimber binne der riedsferkiezingen yn de nije gemeenten, omdat der ek nije gemeenterieden komme moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)