Help foar minimagesinnen by oanfraach kluplidmaatskip

06 feb 2017 - 15:32
Foto: ANP

Gesinnen mei in smelle beurs yn de gemeente De Fryske Marren krije help by it regeljen fan in lidmaatskip fan in klup of feriening. Dy stipe krije se fan de beweech- en kultuercoaches fan de gemeente. Dy kinne helpe mei it regeljen fan in oanfraach by fûnsen dy't jild jouwe oan gesinnen dêr't net in soad jild is. De coaches besjogge mei de âlden oft de gesinnen oan de regels foldogge om foar stipe yn oanmerking te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)