Plysje jout boetes by ferkearskontrôle yn Grou

06 feb 2017 - 14:27
Foto: ANP XTRA

De plysje hat moandei by in kontrôle yn Grou njoggen bekeurings útdield. De kontrôle waard tusken tsienen en ienen hâlden oan de Biensma. De bekeurings waarden ûnder oare útskreaun foar in net handsfree beljen, net omhawwen fan de gurdle en it net hawwen fan in kentekenplaat op in karre.

Der waarden 50 auto's kontrolearre. De plysje seit faker sokke kontrôles hâlde te sillen.

Trefwurden: 
ferkearskontrôle Grou boete
(Advertinsje)
(Advertinsje)