Platfoarm: "Pak reade Amerikaanske iikhoarntsjes oan"

06 feb 2017 - 14:21

Wilfred Reinhold fan it Platfoarm Stop Invasieve Exoten wol dat de Nederlânske Voedsel- en Warenautoriteit in frou út Jelsum twingt om fjouwer Amerikaanske reade iikhoarnstjes út it Ljouwerter Bosk by Jelsum te heljen. De iikhoarntjes binne de frou neffens Reinhold yn 2015 ûntkaam en wurde sûnt dy tiid regelmjittich sjoen yn it Ljouwerter Bosk.

Reinhold is benaud dat de Amerikaanske iikhoarntsjes de ynheemske fariant oerhearskje sille. It platfoarm hat de NVWA earder frege om yn te gripen, mar dy soe dat oant no ta wegere hawwe.

Reinhold wol no mei in beswierskrift ôftwinge dat de NVWA dochs yngrypt. De NVWA koe noch net reagearje. De reade iikhoarn stiet op de list fan 90 eksoaten dy't neffens saakkundigen oanpakt wurde moatte. De reade Amerikaanske iikhoarn wurdt wol as húsbist hâlden. "Ze vormen een risico voor de inheemse eekhoorn", seit Reinhold. "Die beconcurreren ze om voedsel en territorium. Ze kunnen ook ziektes bij zich dragen waar onze eekhoorntjes aan bezwijken, terwijl ze er zelf geen last van hebben."

(Advertinsje)
(Advertinsje)