Wiete simmers min foar boeren

24 okt 2011 - 14:26

De hieltyd wietere simmers binne in grutte soarch foar de ikkerbousektor. Lânboumasines sakje fuort yn de grûn en dêrom is it dreech om de ierpels en de biten fan it lân te krijen. Dat kostet omset. Bouboeren en ek leanbedriuwen moatte har trekkers en kombains oanpasse, bygelyks troch rupsbannen ûnder de masines te pleatsen. It giet om in ynvestearring fan yn de tûzenen euro's per lânboumasine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)