Skilder- en fotografykuiers op de golfbaan foar ekstra omset

Fryske golfklups binne hieltiten kreativer om minsken nei de baan te heljen, want it tal aktive golfers rint werom. Om de klups en de akkommodaasjes oerein te hâlden, wurde der oare aktiviteiten organisearre. Sa siket Golfklup De Groene Ster yn Ljouwert de oplossing benammen yn legere prizen om lid te wurden.
Mar ek yn alternative aktiviteiten as teken-, skilder- en fotografykuiers op it terrein. Dêrnjonken moat benammen de hoareka foar mear omset soargje. De klup hat dêrom in eigen hoareka-manager yn tsjinst naam.
Der binne ek golfklups yn ús lân dy't kampearplakken oanbiede of yogalessen organisearje om mar mear minsken te lûken.