SP stelt Keamerfragen oer misstannen by oanlis Sintrale As

06 feb 2017 - 13:29
In brêge oer de Sintrale As. - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De SP yn de Twadde Keamer wol fan steatssekretaris Wiebes witte wat dy fynt fan de troch fakbûn FNV konstatearre ûnderbetelling by de oanlis fan de Sintrale As. Neffens it fakbûn is in groep izerflechters net neffens de regels betelle. Se soenen dêrtroch sa'n 1700 euro de man misrûn wêze.

De SP fynt dat de izerflechters it jild as noch krije moatte. De partij wol witte oft de steatssikretaris it dêr mei iens is.

Ek wol de partij fan Wiebes witte oft dy fynt dat it oanbestegingsbelied fan de provinsje Fryslân evaluearre wurde moat om werhelling foar te kommen. De SP sels fynt fan wol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)