Gemeente ferbiedt fúzje, skoalle moat no ticht

06 feb 2017 - 12:28

De iepenbiere basisskoalle de Barraboech yn Seisbierrum giet ticht. Underwiiskoepel Radius, dêr't de Barraboech ûnder falt, hat 502 learlingen en dat binne der acht te min om iepen te bliuwen. Fan 1 augustus ôf krijt de skoalle dêrtroch gjin jild mear. De sluting kostet fiif minsken harren baan. "Het is definitief klaar", seit Marc Kammeraad, direkteur fan Radius.

Ekstra soer is dat sluting foarkaam wurde koe, as Radius fusearje soe mei ûnderwiiskoepel Fier. Mar, de gemeenten Ljouwert en Ljouwerteradiel holden dat tsjin.

Alternativen

Mei dêrtroch giet de Barraboech no ticht, konkludearret Kammeraad. "Anders had de Barraboech nog een jaar langer open kunnen blijven."

Alternativen dêr't learlingen fan de Barraboech nei dit jier hinne gean kinne, binne de kristlike basisskoalle yn Seisbierrum en iepenbiere skoallen yn Tsjummearum, Rie en Frjentsjer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)