"Weidegong net ferplichtsje, mar stimulearje"

06 feb 2017 - 11:41

De Twadde Keamer praat moandei oer it wetsfoarstel 'Wei voor de koe' dat de weidegong foar kij oplizze wol. It foarstel fan SP, D66 en GrienLinks liket in mearderheid te krijen. It giet de partijen om it 'wolwêzen fan de kij'. Mar de measte boeren hawwe gjin ferlet fan dizze nije ferplichting. Sy wolle graach sels bepale oft se de kij al as net nei bûten stjoere.

Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairymen Board is ek net bliid mei it nije wetsfoarstel. De nije regel sil it foar de boeren allinnich mar dreger meitsje, tinkt sy.

Wat is der mis mei om de kij yn 'e maaitiid nei bûten te stjoeren?

"Dêr is hielendal neat mis mei, wy dogge it sels ek. Boeren dy't dit dogge krije dêr no ek wat ekstra's foar fan de suvelkoöperaasje. Wat my oanbelanget giet dy fergoeding noch wat omheech. Op it momint dat it ferplichte wurdt is de kâns grut dat dy fergoeding wer ferdwynt, wylst de boeren wer oan in ekstra regel foldwaan moatte. Weidegong kinne je better stimulearje as oplizze."

Neffens SP, GrienLinks en D66 lije kij dy't noait bûtendoar komme.....

"Dêr is gjin inkelde wittenskiplike ûnderbouwing foar. In ko leit in grut part fan 'e tiid te wjerkôgjen en dat kin no ienkear better yn in nije romme stâl, as bûten yn it lân. As it yn 'e hjerst wiet en kâld waar is geane in soad kij it leafst hielendal net nei bûten. Ik haw it idee dat keamerleden har eigen ideeën op kij projektearje. As je dit idee serieus nimme moatte je ek besitters fan hûnen en katten ferplichtsje om de bisten faak en lang genôch nei bûten te stjoeren. Fiskjes yn in kom soene je dan ek ferbiede moatte.....

Is it foarstel fan de trije partijen wol útfierber?

"Der binne genôch boeren dy't te min lân by hûs ha om de melkkij simmerdeis alle dagen bûten rinne te litten. Kij hawwe der mar in hekel oan om lange einen te rinnen foar in pôle gers. Foar sokke bedriuwen betsjut sa'n nije regel allinnich mar dat sa'n boer earder ophâlde moat....."

Hoe hâlde we dan de kij yn 'e greide?

"Ik fyn dat der in grutte ferantwurdlikheid by de konsumint leit. As dy ree is om wat mear te beteljen foar 'weidemolke', binne de boeren ek ree om te besykjen dêr oan te foldwaan. Mar as de konsumint allinnich mar út is op it aldergoedkeapste produkt, dan wurdt it him net. Produsearje tsjin de wrâldmerkpriis mei hieltiid mear regels dat kin net. Wêr bliuwt dan de gelikense konkurrinsje mei de lannen om ús hinne. Ik soe wolle dat de keamerleden net allinnich nei it wolwêzen fan de kij sjogge, mar ek nei it wolwêzen fan de boeren.....

Tinke je dat de ferplichte weidegong der ek komt?

"Steatssiktaris Martijn van Dam is der oant no ta op tsjin. Ik hoopje dat hy de poat stiif hâldt. Dit kabinet fan VVD en PvdA hat de boeren al mear as genôch nije regels besoarge."

Trefwurden: 
kij weidegong Twadde Keamer
(Advertinsje)
(Advertinsje)